OMROP TIP: Nij kanaal mei inkeld Frysktalige muzyk

01 jan 2020 - 10:57

Inkeld Frysktalige muzyk harkje? Dat kin mei it nije online muzykkanaal Alles Frysk fan Omrop Fryslân. Alles Frysk is te beharkjen op Omropfryslan.nl/AllesFrysk, yn de Omrop-app en op wifi-radio's. Alles Frysk waard op âldjiersdei lansearre yn de útstjoering fan de Fryske top 100. Op it online kanaal is 24 oeren deis muzyk fan Fryske artysten te hearren.

OMROP TIP: Nij kanaal mei inkeld Frysktalige muzyk

Muzykredakteur Herman Zeilstra is ien fan de gearstallers fan de list. "Yn Alles Frysk draaie we top 100-muzyk, mar ek ûnbekende nûmers dy't de muoite wurdich binne om te hearren. Wy kinne op Alles Frysk mear hearre litte as oft wy op de radio draaie."

Alles Frysk - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Omrop Fryslân Alles Frysk
(Advertinsje)
(Advertinsje)