Undersyk stank Organic Food

09 jul 2012 - 20:06
Organic Food yn Wolvegea - Foto: Google Streetview

De gemeente Weststellingwerf sil de stankoerlêst ûndersykje fan it bedriuw Organic Food yn Wolvegea. Organic Food is in produksjebedriuw dat biologyske produkten produsearret. It giet om tsiis, mar ek om chips en oasterske spesjaliteiten.

It ûndersyk moat dúdlik meitsje oft de noarmen foar stank net oerskrieden wurde. De útkomsten wurde meinommen yn de tarieding fan in nije omjouwingsfergunning foar it bedriuw.

Trefwurden: 
Organic Food stankoerlêst
(advertinsje)
(advertinsje)