Werom by de brêge: Maarten van der Weijden en frou Dijkstra fan Kimswert

01 jan 2020 - 08:57

Frou Tiete Dijkstra út Kimswert trof dizze wike har held Maarten van der Weijden. In heal jier lyn stie sy op de brêge en swom Maarten derûndertroch. No stiene sy njonkeninoar op deselde brêge. It is it ferhaal fan de frou dy't safolle emoasje sjen liet oan it Nederlânske publyk op it momint dat Maarten van der Weijden yn juny syn Alvestêdetocht swom en troch Kimswert kaam.

In wiidweidich petear mei frou Dijkstra:

It wie moarns betiid op 22 juny dat frou Dijkstra op de brêge yn Kimswert stie. Sy hie de hiele nacht hast net sliepen om't se bang wie him te missen: de man dy't foar ûndersyk nei kanker de Alvestêdetocht swom. It wie tige emosjoneel foar har. Yn har eigen famylje hat sy it nedige meimakke as it om kanker giet. De moandeis nei de trochkomst fan Maarten moast se ek noch nei in kremaasje. Dat makke de tocht foar har ekstra emosjoneel.

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Johanna Brinkman stie ek op de brêge. Sy hie frou Dijkstra stean sjoen mei in pear oare froulju en tocht dat it moai wêze soe om mei har te praten.

Kwetsber

En doe begûn it petear. Op de fraach wêrom't se sa betiid al fan it bêd ôf wie, kaam frou Dijkstra mei har ferhaal. It gie dwers troch it telefyzjebyld hinne. In soad minsken dy't it doe seagen, fielden mei har mei en lieten ek de triennen rinne. Dat wie ek sa foar de ferslachjouwer. It rekke har yn it hert. Der ûntstie in prachtich petear.

Frou Dijkstra beskreau op tige kwetsbere wize, mei triennen yn 'e stim, dat se it sa geweldich fûn wat Maarten die foar alle minsken dy't kanker hawwe. De oare kant fan it ferhaal joech se ek oan. We libje yn sa'n ryk lân, sei se. En dan moat sa'n jonge dochs noch dit dwaan om jild byinoar te garjen foar ûndersyk. Dat soe eins net sa wêze moatte.

'Alles kwam bij elkaar in dat gesprek'

Doe't it petear dien wie, draaide de kamera noch efkes troch. It momint dat ferslachjouwer Johanna Brinkman de eagen ek drûch fage en frou Dijkstra in dikke krûp jûch, wie miskien wol ien fan de moaiste mominten fan de tocht. Maarten van der Weijden fûn it 't moaiste ynterview fan de fjouwer dagen, sa sei er. "Alles kwam bij elkaar in dat gesprek." It wie in petear dat hingjen bleau.

Foto: Simone Scheffer

Wy giene werom nei frou Dijkstra om te hearren hoe't it har fergien is nei de tocht en hoe't se de reaksjes ûndergien hat. De 80-jierrige ynwenster fan Kimswert fertelt dat de dei dêrnei poerfrjemde minsken har opbellen om te fertellen dat se it sa goed sein hie. De famylje wie ek grutsk op har en belle har fuortendaliks op. Sels hat se neat mei sosjale media, dus fan it dielen op Facebook en Twitter fan it ynterview hat sy net safolle meikrigen.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman gie tegearre mei frou Dijkstra werom nei it brechje. Eins wie it in lyts ferlechje. Want wat Tiete Dijkstra net wist, is dat Maarten van der Weijden spesjaal foar har weromkaam wie nei Kimswert. In grutte ferrassing.

'Dat ik dit noch meimeitsje mei'

As Johanna har freget wat se eventueel noch tsjin Maarten sizze wolle soe, seit frou Dijkstra dat se tinkt dat Maarten net op har sit te wachtsjen. Krekt op dat momint komt Maarten der oanrinnen op it brechje. In bysûndere moeting folget. Frou Dijkstra is hielendal oandien en krûpt de Alvestêdeswimmer twa kear oan. Sy hat goede krystdagen hân, fertelt se oan him. En dat se dit noait tocht hie. Dat se dit noch meimeitsje mei fynt se hielendal geweldich.

Maarten fertelt har dat hy it petear hiel moai fûn. Hy freget ek oft se eventueel takom jier, as hy de Alvestêdetocht mei oaren swimme sil, in eintsje yn Kimswert meiswimme wol. Dêr wol frou Dijkstra noch efkes oer neitinke. Sy is net fan it swimmen yn bûtenwetter. Wol yn it swimbad, mar yn dat smoarge wetter is se benaud foar rotten. Maarten van der Weijden fynt it prima en wachtet har antwurd ôf.

De Grutte Pier fan it wetter

As de twa útpraat binne, rinne sy nei de oare kant fan de strjitte, om dêr noch efkes te sjen nei dy oare grutte held út it ferline: Grutte Pier. Mar dúdlik is dat hy foar Tiete Dijkstra net op kin tsjin de Grutte Pier fan it wetter: Maarten van der Weijden.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer
(advertinsje)
(advertinsje)