Kollum: "Segen't nij jier"

01 jan 2020 - 08:27

"It hat gjin inkeld doel en sprek no ôfkarrende wurden oer wat der fannacht wer allegearre ferkeard gien is. It soadsje wat soks docht, leit allegearre noch smoar op bêd. Fan 'e middei de stille tocht yn Drachten foar Roan. It sein dat der yn ús mienskip in soad mis is."

Foto: Omrop Fryslân

"Ek wat oare saken oanbelanget. Bygelyks: In tal jierren lyn krige Fryslân ynienen in kwak jild fan Vattenfall. Noflik. Fansels hawwe we dat yntusken wol útjûn. In oantal goede ynvestearringen. Oer sokke dingen as kulturele haadstêd, dêr't ek in soad jild yn pompt waard, kinne je fan miening ferskille.

We sitte noch net yn de nederklits, mar oan it begjin fan dit jier moatte je mei tearen yn de holle nei de ein sjen. Wat moat der allegearre noch wol net barre. Alles kostet hannenfol jild. De measte gemeenten binne sowieso kommend jier fallyt. Dy betelje net mear mei.

De loft fol stikstof, de grûn fol PFAS. Boeren en bou kin net troch sûnder dat dêr wat dien wurdt. De provinsje wol in eigen belied. Dat mei, seit de minister. Mar dan betelje jimme it sels ek mar. De boeren stean al yn de rige.

Se betelje de fergoeding fan it wetterskip net. Wy dus ek net. En dat wetterskip hat al miljoenen tekoart. Besunigje, dus it wetterskip nei de provinsje. Mar de ôfdieling wetter fan de provinsje hat grutte soargen oer al dy brêgen hjir dy't oates en toates ynelkoar donderje.

Tagelyk moat it feangreidegebiet wer sûn wurde. En we wolle ús hillige fûgels hoedzje, en dat kin Fryslân net oars as mei bakken fol jild. Dan hawwe we ek noch wintertoeristen, guozzen, dy frette it gers fan de boeren op. Fryslân hoedet syn toeristen, dat betelje wy dus grouwélich.

Thialf hat ek al wer in grut tekoart. Grut wie ek de bek fan de provinsje: reedriden is hillich, dus wy moatte de bêste iisbaan fan de wrâld hawwe. Mar ja, op de poal friest it net, dus hjir hielendal nea wer.

SC Hearrenfean jout jierliks noch in miljoentsje as fiif seis tefolle út, Cambuur moat in nij stadion hawwe, en in earedifyzjebudget. De rest fan de sporten kin net bestean sûnder de subsydzjes.

Kommend jier sil der noch hieltyd smoarge rommel fan de kontenerramp oanspiele. Net ien wol it mear betelje, dus Fryslân sil it sels dwaan moatte. De Ofslútdyk sil kommend jier kompleet ôfsluten wurde. Foar trije jier, dat wurkjen mei al dy yn de file steande auto's wol net.

Holwert oan see moat no ek ris echt fan de grûn komme, oars binne de inisjatyfnimmers nei it âldereintehûs. Dêr moat noch dik jild by. Boppedat kinne je Holwert net opbouwe, as je yn Ternaard wer boarje. De hiele provinsje moat yn aksje tsjin de gasboarrings. Dat kostet gâns jild, sokken as De Fryske Marren moat sels in nij horloazje hawwe.

We sitte ek yn de mage mei boargemaster en korpsbehearder Buma. Dy slút alle drugshûzen, lachgassalvo's, coffeeshops en xtc-laboratoria. Witte jimme wol wat ôfkikke fan de helte fan de befolking kostet. Dêr waacht wat we fertsjinje oan drugssmokkeljen op it Waad net tsjin op.

De fleanbasis, dêr moatte we ek echt oer teset. Se binne dwaande it gebiet boppe Fryslân, wat lêst hat fan it leven fan dy straaljagers, te fergrutsjen oant de hiele provinsje. En dy nije dingen hawwe noch mear leven. Provinsje fier aksje. Ek tsjin Lelystêd. Rop en doch no ris wat. Se fleane no al boppe it Waad sûnder fergunning.

Op dit stuit leit de kultuernota op tafel. Keunstners, musea, monuminten, skouboargen, fonteinen, festivals, toaniel en oarssoartige kulturele uteringen freegje jild foar mear as fjouwer nota's. It Fries Museum hat, foardat ien wat sizze koe, al mear as in miljoen easke. Se neame dat in gefolch fan harren súkses.

Mar ommers, oeral dêr't Frysk foar stiet binne we o sa grutsk op. De sinten wurde al dellein foardat se de mûle iepen hawwe. Dat hat te krijen mei it gefoel foar selsstaniggens dat wy hawwe. Krekt as oer de Fryske taal. Dêr rêde we wol mei, sizze we dan.

Der sels der mei rêde is sels betelje. Oer in jier binne we fallyt. Gjin segen yn it nije jier, dus."

Trefwurden: 
Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)