Grutte skea troch útslaande brân âldjiersnacht yn Boalsert

01 jan 2020 - 07:56

By in útslaande brân yn it sintrum fan Boalsert is âldjiersnacht grutte skea ûntstien. Der rekke gjinien ferwûne. De oarsaak fan de brân is noch net dúdlik.

Foto: CAMJO Media

De brân wie oan de strjitte de Skilwyk. De flammen sloegen út it dak en ek út de achterkant fan de wenning. De brânwacht fan Boalsert wie der mei twa blusweinen en in heechwurker by om it fjoer te bestriden.

De brânwacht melde dat der gjinien yn de wenning oanwêzich wie. Op in stuit waard opskaald nei grutte brân en kamen ek noch ekstra blusweinen út Snits nei de stêd. De brân yn Boalsert soarge foar in protte skea. It is noch net dúdik hoe't de brân ûntstien is.

Trefwurden: 
Boalsert brân
(advertinsje)
(advertinsje)