Súdwest-Fryslân fûgelfreonlik

De gemeente Súdwest-Fryslân sil dit jier de fûgelprojekten útfiere dy't yntsjinne binne yn it ramt fan de Stedsfûgelpriis, dy't de gemeente wûn mei de praktykskoalle De Diken. It giet om 20 tûzen euro foar it projekt 'Stadsvogels in Sneek'.
De ideeën dy't útfierd wurde sille, binne ûnder oare in sweltsjemuorre by Warkum, lûdsapparatuer om hússweltsjes te lokken en in fûgelfreonlike flechthage yn de miljeutún fan Snits. It projekt is derop rjochte om de gemeente oantrekliker te meitsjen foar fûgels.