Koade giel: Piet Paulusma warskôget foar glêde diken

01 jan 2020 - 06:58

Ferkearsdielnimmers moatte rekken hâlde mei glêde diken. Dêr warskôget waarman Piet Paulusma foar. It is ek noch altyd mistich op de Fryske diken. It KNMI hat koade giel ôfkundige. Dat jildt oant tsien oere op nijjiersmoarn.

Foto: Omrop Fryslân, Jan Durk de Haan

Paulusma ferwachtet dat de temperatuer ûnder nul sakket. Dêrtroch soe de mist minder tsjok wurde moatte, mar der is wol kâns op glêde diken.

Trefwurden: 
koade giel mist
(advertinsje)
(advertinsje)