A32 by Akkrum lang ticht fanwege ûndersyk nei deadlike oanriding

De A32 by Akkrum yn de rjochting fan Ljouwert hat oant nijjiersdei 13.00 oere ticht west fanwege in plysje-ûndersyk. Op âldjiersnacht is dêr by in slim ûngelok in frou om it libben kaam.
© CAMJO Media
It slachtoffer is in 58-jierrige frou út Dokkum. Dat meldt de plysje. Se kaam om it libben by in kettingbotsing, dêr't tsientallen auto's by belutsen wiene.
Op it momint fan de botsing wie it tige mistich. Even letter wie der op de A7 by Hearrenfean ek in kettingbotsing. Dêr rekken acht minsken by ferwûne.
Plysjewurdfierder Paul Greidanus