OERSJOCH: De âldjiersnacht yn fiif fideo's

01 jan 2020 - 11:04

De tichte mist hat op âldjiersnacht ien deadlik slachtoffer easke. In frou (58) út Dokkum kaam op de A32 by Akkrum om it libben neidat se yn in kettingbotsing bedarre wie. Even letter wie der op de A7 ek in kettingbotsing. By beide ûngelokken wiene tsientallen auto's belutsen.

In tsjûge fan de kettingbotsing op de A7 seit dat der fanút it neat in grutte 'wolk mist' ferskynde. "It wie net bêst. Minsken wiene hielendal traumatisearre. Fanút it neat wie der gaos. Yn myn hiele libben ha ik soks noch noait sjoen. Dit is net te leauwen."

Slachtoffers fan de kettingbotsing op de A32 by Akkrum waarden opfong by in basisskoalle yn de buert. Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie dêr.

"Alle ferhalen binne itselde", seit Bootsma. "Ynienen siet it potticht. Minsken koene neat mear sjen, en se koene gjin kant mear op."

Lang net alle minsken doarden noch nei hûs ta te riden. Se waarden opfong yn in hotel yn Hearrenfean. Dêr hiene se net ferwachte dat it sa drok wurde soe.

"Ik kwam bij toeval even langs," seit manager Wouter van Hemert, "en ik ben ook gestrand. We zijn aan het improviseren. Alle matrassen, dekens en kussens die in het hotel te vinden zijn, zijn bezet, en als het moet, kunnen mensen ook op stoelen slapen."

Rûnom yn de provinsje is de brânwacht yn aksje kaam foar lytse brantsjes. En yn Boalsert wie in grutte brân, yn in wenhûs. Der is net ien ferwûne rekke, mar de wenning rûn grutte skea op.

(advertinsje)
(advertinsje)