Surhústerfean fiert âld en nij yn grutte tinte

In grutte feesttinte op de Kolk yn Surhústerfean is al tolve jier it wapen tsjin fandalisme. De fernielings yn it doarp rûnen trettjin jier lyn sa út de hân dat it oars moast. Mei ûnder oare finansjele stipe fan de gemeente is in grut tintefeest organisearre. It holp fuortendaliks de skea troch fandalisme te ferminderjen.
Sjoch hjir nei in ympresje fan it feest.
Surhústerfean fiert feest yn grutte tinte
Ien fan de besikers is boargemaster Oebele Brouwer fan de gemeente Achtkarspelen. It is syn earste âld en nij as earste boarger: "Ik fyn it moai om te sjen dat op tal fan plakken by it karbidsjitten in organisearre wurdt."
Oer de tinte is Brouwer goed te sprekken: "It foarkomt grif net alle fernielerij. Mar it helpt ek foar it gefoel fan feiligens fan de âlden. Hjir kinne se de bern feilich hinne stjoere."