Liveblog | 31 desimber 2019

LIVEBLOG: Frou komt om it libben yn tichte mist

Yn dit liveblog holden we jo op de hichte fan it nijs op âldjiersnacht.
Lêst bywurke: 1 jannewaris 2020, 16:20
woansdei 1 jannewaris 2020
03:49

Net langer koade read, liveblog sluten

It KNMI meldt dat der net langer sprake is fan koade read. Der is noch wol altyd tichte mist. It sicht is op plakken minder as 50 meter. Dêrom jildt koade oranje oant fiif oere.
Nei fiven bliuwt it neffens it KNMI gefaarlik op de dyk. De tichte mist hâldt oan. It sicht is dan minder as 200 meter. Oant 10 oere jildt koade giel. Waarman Piet Paulusma warskôget foar kâns op glêdens.
Dêrmei slute we dit liveblog. Mear ynformaasje is 24 oeren deis te finen op omropfryslan.nl, en om 08:00 oere yn in rjochtstreekse útstjoering fan No yn Fryslân op de radio.
02:39

Boargemaster Buma mei de plysje op 'n paad

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert is mei de plysje op 'en paad. Hy seach by meardere lytse brantsjes, en ek by in brân yn in dak fan in gebou oan de Insulindestrjitte kaam. De brânwacht hie it fjoer net samar út.
Boargemaster Buma op âldjiersnacht
02:25

FIDEO: Brân yn Boalsert

De brân yn Boalsert soarge foar in protte skea. It is noch net dúdik hoe't de brân ûntstien is.
Grutte brân yn Boalsert
01:53

Sikehûs lit minsken oernachtsje fanwege mist

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat bêden beskikber steld foar meiwurkers en pasjinten dy't fanwege de tichte mist net mear nei hûs ta kinne. "Het is bijna niet te doen om veilig thuis te komen of opgehaald te worden door familie. Een unieke situatie", seit sjirurch Martijn Möllers op twitter.
Yn it sikehûs wurde ûnder oare minsken behannele dy't belutsen wiene by de kettingbotsingen op de A7 en de A32.
01:40

Brân Boalsert ûnder kontrôle

Yn Boalsert is it sein 'brand meester' jûn. Dat meldt de brânwacht.
© CAMJO Media
01:26

A7 mooglik kommend oere wer iepen, A32 bliuwt fannacht ticht

De plysje moat by ljochtskyndei ûndersyk dwaan nei it ûngelok op de A32 dêr't in frou út Dokkum by om it libben kaam. Nei alle gedachten bliuwt de dyk rjochting Ljouwert de hiele nacht ticht ter hichte fan Akkrum. Dat meldt Rykswettersteat.
Op de A7 is it bergingswurk yn folle gong. De dyk fan De Jouwer nei Drachten soe neffens Rykswettersteat om twa oere hinne wer iepen kinne.
Berging A7