Gaos en ferskate kettingbotsingen op diken yn Fryslân troch mist

31 des 2019 - 21:49

Troch de tichte mist is der yn Fryslân in gaos op 'e diken ûntstien. Op ferskate plakken wiene der kettingbotsingen. Troch de ûngelokken stiet der in soad file op de dyk. Neffens de plysje bliuwe de A32 by Akkrum en de A7 by It Hearrenfean noch oeren ticht foar ferkear.

De kettingbotsing by Akkrum - Foto: Jaring Rispens - CAMJO Media

Sa wie der in ûngelok op de A32 by Akkrum. Ien persoan ferstoar dêrby, njoggentjin minsken rekken ferwûne. By it ûngelok wiene tsientallen auto's belutsen. De A32 fan Hearrenfean nei Ljouwert bliuwt noch oant moarn ticht. Ek de oare rjochting is tusken Akkrum en It Hearrenfean ôfsletten. Ferkear kin fia Werpsterhoek omride.

Ek by It Hearrenfean barde in kettingbotsing. Ek dêr wiene tsientallen auto's by belutsen, mar dêr soene gjin ferwûnen fallen wêze. Fierder wie der noch in melding fan in kettingbotsing op de sneldyk A31 by Frjentsjer, yn de rjochting fan Harns. Letter die bliken dat it gong om in automobilist dy't de auto yn de berm set hie fanwegen de mist.

De feilichheidsregio ropt minsken yntusken op Twitter op om net mear de dyk op te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)