Acht ferwûnen by kettingbotsing op A7 by It Hearrenfean

31 des 2019 - 20:50

Op de A7 by It Hearrenfean binne tiisdeitejûn acht minsken ferwûne rekke by in kettingbotsing. Dêr wiene tsientallen auto's by belutsen. Alle helptsjinsten binne oanwêzich.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De A7 is ôfsletten tusken knooppunt Joure en De Tynje. Neffens de ANWB stiet dêr njoggen kilometer file.

Neffens de plysje is der ek by Hearrenfean sprake fan tichte mist.

Trefwurden: 
ûngelok It Hearrenfean A7
(advertinsje)
(advertinsje)