Arriva hellet yn Fryslân alle bussen fan 'e dyk, ek Taxi Waaksma rydt net mear

31 des 2019 - 20:03

Ferfierder Arriva hat tiisdeitejûn alle bussen yn Fryslân fan de dyk helle. Troch de tichte mist is it neffens it bedriuw net feilich genôch mear om troch te riden. Ek taksybedriuw Waaksma fynt it net mear ferantwurde om te riden.

Neffens in wurdfierder fan de ANWB sit it benammen rûnom Ljouwert hielendal ticht. De situaasje wurdt 'verraderlijk' neamd. "Op het ene moment heb je prima zicht en op het andere moment kun je nauwelijks een meter voor je kijken."

Trefwurden: 
Arriva mist
(advertinsje)
(advertinsje)