Ien deade, meardere minsken ferwûne by earnstich ûngelok op A32 by Akkrum

31 des 2019 - 19:04

By in earnstich ûngelok op de A32 by Akkrum is tiisdeitejûn ien deade fallen. Der binne santjin minsken licht ferwûne rekke, twa minsken rekken swierder ferwûne. By it ûngelok wiene tsientallen auto's belutsen. De helptsjinsten binne manmachtich oanwezich op it plak fan it ûngelok.

Neffens de plysje hinget der tichte mist op it plak fan it ûngelok. It is noch net dúdlik wat der krekt bard is.

De brânwacht meldt dat der op beide kanten fan de dyk meardere oanriedingen west binne. De A32 is ticht tusken It Hearrenfean en Ljouwert. Tsientallen minsken dy't net ferwûne rekke binne wurde troch de plysje nei in skoalle yn Akkrum brocht.

Letter mear.

Trefwurden: 
ûngelok Akkrum A32
(advertinsje)
(advertinsje)