Blog: Yn 10 minuten: Frankryk, Switserlân en Dútslân

09 jul 2012 - 19:04

Frankryk, Switserlân en Dútslân. Fan Belfort nei Porrentruy, nei Basel en nei Lörrach. En no sitte we tichtby Macon, op in camping.

Switserlân.
Wat in binde. It hie dy nacht reind. En net sa'n lyts bytsje ek. Doe't we oankamen by de finish, kamen we telâne yn ien grutte drekbinde. We rieden earst troch in leuk, skattich typysk Switsersk doarpke, mar dêr lei de finsih net. Dy lei midden yn in stik greide. Gefolch: skuon en broek ûnder de drek en grutte tillevysjeweinen dy't nei ôfrin mei in trekker út de drek sleept wurde.

Dútslân.
We belje mei Luuc Eisinga. "Tuerlik jong, kom mar del, dan sjogge jim De Avondetappe ek noch even en meitsje ik in pasta foar jim." Luuc is no manager technyk en ynnovaasje by de Rabobankploech. Earder hie hy ferskate oare funksjes by dy ploech en by T-Mobile. En Luuc komt út Frjentsjer. Hy wennet no al wer sa'n tsien jier yn it Dútske Lörrach, krekt op de grins fan Switserlân, Frankryk en Dútslân. We parkeare de camper by him op it hiem, drinke noch in wyntsje en gean op bêd. De oare deis giet de wekker wer betiid.
We sliepe no mei syn trijen yn de camper. Freon en kollega Wilfried is der bykaam. Ik moast him ophelje fan it fleanfjild. "Je moet aan de Duitse kant gaan staan, dan rij je minder ver om." Mar nee hear, Roelof hie wer ris in ôfslach mist. Ryd ik ynienen yn Switserlân, sûnder fignet en ik sjoch Zürich en München al op de buorden stean. Gelokkich, nei tsien kilometer oan tunnels, dochs in ôfslach en Euroairport stiet oanjûn. Pfieuw.

Frankryk.
Tiidrit, de dei fan Lieuwe Westra. Hy docht it goed, mar der binne ek in pear better. Lieuwe hat gewoanwei net de foarm dy't hy earder dit seizoen wol hie.
We binne ta oan in camping, 200 kilometer fierder en we binne der. De ôfwask moat dien wurde en guon klean moatte wosken wurde. Moarn in rêstdei en dy kin ik ek wol brûke. In echte rêstdei is it net. We sille middeis nei in gearkomste fan de GreenEdge-ploech, de ploech fan Pieter Weening. Op 'e neimiddei sil ik filmje by Lieuwe Westra en jûns in kwis oer hurdfytsen mei alle Nederlânske en Flaamske parseminsken en de Nederlânske ploegen Rabo, Vacansoleil en Argos Shimano. Under lieding fan Filemon. Dat wurdt moai. Wit ik no al.

Trefwurden: 
argyf Tour de France
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)