'Cliffs of Moher' werom op nûmer ien yn Fryske top 100

31 des 2019 - 17:55

It nûmer 'Cliffs of Moher' fan trûbadoer Gurbe Douwstra stiet dit jier wer op nûmer ien yn de Fryske top 100. Ferline jier wie Oele Plop noch de ferrassende listoanfierder, mei "Ik wie smoar".

It nûmer fan Gurbe Douwstra stie al acht kear earder op ien. Op twa stiet 'Marije Maria' fan Reboelje en de top trije wurdt kompleet makke mei 'In nije dei' fan De Kast (live). Oele Plop kaam dit jier net fierder as plak 21. Yn totaal waarden dit jier 41.125 stimmen útbrocht op de Fryske top 100. De folsleine list is te finen op Frysketop100.nl.

'Wurdearring foar je wurk'

Gurbe Douwstra wie bliid dat hy opnij op nûmer ien stiet. "Ik fyn it echt hiel bysûnder. Yn it begjin hie ik sokssawat fan 'ik bin net ien fan listjes en muzykwedstriden, mar dit is natuerlik wol in wurdearring foar it wurk wat je dogge. At it publyk dat allegearre op dizze manier wurdearret, dêrmei bin ik út de skroeven."

Nei't foarich jier Oele Plop de list oanfierde, wist Douwstra net of hy werom op it heechste plak komme soe. "Ik hie der gjin inkelde ferwachting fan. Der binne in protte moaie oare Fryske nûmers, ek in protte nijen. Op in geven momint tinkst:it sil ek wol ris útwurke wêze en der binne in soad nûmers dy't it fertsjinje sa heech te kommen, dus ik hie der hielendal gjin ferwachting fan. Wy sieten hjir ek hiel bot yn spanning, yn de kroech, of it slagje soe."

Nij online muzykkanaal foar Frysktalige muzyk

Yn de útstjoering fan de Fryske top 100 op âldjiersdei lansearre Omrop Fryslân in nij online muzykkanaal foar Frysktalige muzyk: 'Alles Frysk'. Op it online kanaal is 24 oeren deis muzyk fan Fryske artysten te hearren. Fan De Hûnekop, Piter Wilkens en Griet Wiersma oant De Kast en The Bounty Hunters.

Wim Brons is de stim fan 'Alles Frysk' en ien fan redakteuren dy't de muzyk foar it kanaal útsiket. "Ast ferlet hast fan Frysktalige muzyk, sûnder nijs of in presintator, dan moatst lekker 'Alles Frysk' opsette. We hawwe de kar út sa'n twatûzen titels. Fansels komme de hits, dy't ek yn de Fryske top 100 steane foarby, mar ek nûmers dy't wat minder faak te hearren binne. Frysker wurdt it net!".

Lekkerste oaljekoek

Harkers fan Omrop Fryslân koene op âldjiersdei nei de studio komme mei harren oaljekoek. Topsjef Reitse Spanninga wie de sjueryfoarsitter dy't sjen moast wa't de lekkerste oaljekoek makke hie. De winst gie nei Andries Wiersma fan Wommels.

(advertinsje)
(advertinsje)