Roer histoarysk skûtsje Drachten bedarret yn Doezum
It roer fan it histoaryske skûtsje Hendrika, dat gewoanwei op de rotonde by Drachten stie, is tiisdei opdûkt yn it Grinzer doarp Doezum. Sûnt 13 desimber wie it roer poater.
It giet om in stunt fan de âldjiersploech fan Doezum. Mei it roer wol de ploech oanjaan dat it roer om moat yn Nederlân, benammen as it giet om de posysje fan de boeren, sa sizze se by RTV Noord.