Reedriders Aldtsjerk dûke op yn Easterein

It byld mei fjouwer reedriders, dat ferline wike fuorthelle waard by Aldtsjerk, is tiisdei yn Easterein boppe wetter kaam. It giet om in stunt fan de âldjiersploech yn it doarp.
It byld stie earder oan it begjin fan Aldtsjerk op de N361 tusken Dokkum en Oentsjerk. Oan wjerskanten fan de ovonde stiene twa bylden mei beide fjouwer reedriders. Ien fan dy beide bylden waard dus fuorthelle troch de ploech út Easterein.
Neist it byld út Aldtsjerk wie der ek in grut boerd makke. Mei de tekst ferwiist de âldjiersploech nei de stikstofmaatregels fan it kabinet.
Fanôf maart moatte wy goed op ús snelheid lette
Dan kinne wy oer in oantal jierren miskien in streekje sette
Mar wolle wy mei ús allen in klimaatkrisis echt út de wei gean
Dan kinne wy net lykas it kabinet oer ien nacht iis gean.