Jier sel foar Drachtster foar trije ynbraken

31 des 2019 - 16:26

In man út Drachten hat in jier sel krigen foar trije ynbraken yn syn wenplak. By alle trije waard syn DNA-materiaal fûn, mar de man ûntkent. By de ynbraken, yn juli en desimber 2018, stiel de man ûnder oare creditcards, laptops, tablets en drank.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Drachtster wie oant de rjochtsaak op frije fuotten, mar moast him wol oan in tal betingsten hâlde. Hy moast him bygelyks melde by de reklassearing en hy hie in ankelbân. Neffens de reklassearing gie it kontakt meei de man dreech en hy gie ek yn diskusje oer dy ankelbân. No't er feroardield is, moat er de sel yn.

Trefwurden: 
Drachten ynbrekker
(advertinsje)
(advertinsje)