Moarre belibbet âldjiersdei mei respekt

31 des 2019 - 16:24

Moarre fiert Ald en Nij dit jier oars as oars. In jier lyn kaam in 41-jierrige ynwenner by it oanstekken fan swier fjoerwurk om it libben. It hele doarp wie ferslein en dat drama komt hjoed wer nei boppe. "Elkenien tinkt oan it drama. En net allinne de minsken yn Moarre, mar ek de ynwenners fan omlizzende doarpen," seit Sjouke Zwart, foarsitter fan Pleatslik Belang.

Alle ynwenners fan Moarre hawwe in brief krigen om mei respekt âldjiersdei troch te bringen. Ferline jier waarden alle aktiviteiten stillein. Yn oerlis mei de famylje, gemeente en plysje bart dat hjoed net, al sil it allegearre út respekt foar de neibesteanden wat minder grut wêze.

Foto: Omrop Fryslân

Sa is de fjoerwurkshow ôfsein. Mei karbid wurdt wol sketten mar dan op ien plak en net tichteby de wenning fan it slachtoffer. Ek sil de bult fan 50 kúb hout jûn wer yn flammen opgean. Dochs sil neffens Zwart âldjiersdei yn Moarre nea wer itselde wêze: "Dit drama sille we nea ferjitte. De man stie midden yn it doarp en die oan alles mei. En yn ien klap is hy der net mear. Dat ferjitte we nea wer."

Trefwurden: 
fjoerwurk Moarre Ald & Nij
(advertinsje)
(advertinsje)