Stille tocht foar 16-jierrige Roan begjint by Sportcentrum Drachten

31 des 2019 - 21:09

De stille tocht dy't op nijjiersdei yn Drachten hâlden wurdt foar it slachtoffer fan de stekpartij ferline wike snein, begjint by it Sportcentrum Drachten oan de Leerweg nûmer 3. De tocht begjint jûns om acht oere, dielnimmers kinne har fan healwei achten ôf sammelje.

De rûte giet by it hûs fan Roan del en einiget op de hoeke fan de Súdkade en de Drift, by kafee Pietje Bel. Dat is it plak dêr't Roan delstutsen waard. De oanlieding is noch altiten net dúdlik. Der sitte twa fertochten fêst, jonges fan 14 en 15. De stille tocht wurdt organisearre troch famylje en freonen fan de 16-jierrige Roan.

Roan - Foto: Famylje fan Roan
Trefwurden: 
Drachten stekpartij
(advertinsje)
(advertinsje)