Soad oerlêst fan stienmurden

09 jul 2012 - 18:28

Yn Drachten is in soad oerlêst troch de stienmurd. Dat docht bliken út sifers fan lânskipsbehear Fryslân. Ek de omkriten fan De Blesse bin populêr by de bisten. Op it stuit komme der in soad meldings binnen fan oerlêst troch de stienmurd.

De jonge bisten gean der no op út om in eigen plakje te finen. Faaks nestelje se har achter it plafond. Om se bûten de doar te hâlden moatte alle gatten ticht makke wurde. Allinnich sa kin foarkommen wurde dat se yn hûs komme.

Op it gemeentehús fan Burgum moast in hiel stik fan it plafond útbrutsen wurde om de stienmurden derwei te krijen. Guon amtners koene dêrtroch harren kantoar net mear yn.

Trefwurden: 
oerlêst stienmurden
(advertinsje)
(advertinsje)