Jonge ferwûne by oanriding

13 nov 2011 - 14:18
Foto: Omrop Fryslân

In jonge fan 14 út Hilversum is sneon op de grutte dyk by Eastersee ferwûne rekke by in oanriding. Hy siet achteryn in auto dy't in frachtauto ynhelje soe. De bestjoerder dêrfan hie net sjoen dat er sels op dat stuit ek ynhelle waard. Hy koe net mear goed remje en ried boppe-op de frachtauto. De jonge rekke dêrtroch ferwûne oan de nekke en is nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
oanriding Eastersee
(advertinsje)
(advertinsje)