RIVM jout 'stookalert' ôf fanwegen minne luchtkwaliteit

It RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu, hat in stookalert ôfjûn foar it hiele lân. It RIVM ferwachtet dat de luchtkwaliteit oeral yn it lân min wêze sil. Dat komt troch it ôfstekken fan fjoerwurk. Dat feroarsaket smog, troch fynstof. En de luchtkwaliteit kin noch minder wurde troch houtreek.
Iepen haard © Shutterstock.com
It RIVM ropt dêrom op om gjin hout te stoken, omdat dat de klachten fan minsken dy't net goed sykhelje kinne noch slimmer makket. It RIVM ferwachtet dat de luchtkwaliteit yn de rin fan nijjiersdei wer ferbetterje sil.