Nij besikersrekôr foar Planetarium yn Frjentsjer

It Eise Eisinga Planetarium hat dit jier 65.000 besikers krigen. Dat is in nij besikersrekôr foar it museum yn Frjentsjer. Ferline jier, yn it Kulturele Haadstêd jier, krige it museum foar it earst mear as 60.000 besikers. It museum sprekt sels fan in 'onverwacht resultaat'.
© Combi Hobbema, Planetarium
It Planetarium hâldt al sûnt 1781 by hoefolle besikers der komme. It rekôr waard tiisdeitemoarn helle troch in besyk fan de famylje Manni út Zwijndrecht. Sy krigen in spesjale ûntfangst, wêrtroch se bot ferrast wiene. In besite oan it Planetarium stie foar de famylje al in tydsje yn de aginda.