Automobilist skansearret auto's en komt ta stilstân tsjin lantearnepeal

By in frjemde searje ûngelokken op de Johannes Bogermanstrjitte yn Kollum is tiisdeitemiddei in man ferwûne rekke. Hy botste úteinlik tsjin in lantearnepeal, en waard troch in ambulânse nei it sikehûs brocht.
© De Vries Media
De man koe earder op de dei in groep fytsers noch ûntwike. Letter skansearre hy twa auto's. De skea oan de auto's hie de man krekt ôfhannele, doe't hy nei fyftich meter net goed waard achter it stjoer. Hy bedarre mei syn auto op 'e stoepe, ryd troch in hage en kaam ta stilstân tsjin de lantearnepeal.