Advokaat Tjalling van der Goot: "Ik hoech gjin sympaty foar in saak of fertochte te hawwen"

31 des 2019 - 13:11

It wie in bysûnder jier foar advokaat Tjalling van der Goot. Hy stie de 33 blokkear-Friezen by yn de rjochtseal. Boppedat is er de advokaat fan de man dy't fertocht wurdt fan de moard op kollega-advokaat Derk Wiersum. "Ik hoech gjin sympaty foar in saak of in fertochte te hawwen. Dat spilet gjin inkele rol."

Allinnich al sjoen nei de logistike útdaging fan it ferdigenjen fan 33 minsken wie de saak tsjin de 33 blokkear-Friezen tige ynteressant. "Ek op juridysk mêd wie it in leuke útdaging", fertelt Van der Goot. "Der binne artikelen ut it wetboek helle, dy't eins nea brûkt wurde. Dat makket it foar in advokaat hiel nijsgjirrich."

Saak Derk Wiersum

Oer it ferdigenjen fan de man dy't fertocht wurdt fan de moard op kollega-advokaat Derk Wiersum is Van der Goot dúdlik. "Wy ferdigenje de rjochten net de died fan minsken. Dat makket dat jo minsken bystean dy't fertocht wurde fan hiel gruwelige feiten. Wat ik sels fyn is net sa wichtich. Ik hoech gjin sympaty foar de saak of de fertochte te hawwen. Dat spilet gjin inkele rol."

(advertinsje)
(advertinsje)