Klear mei oaljekoekbakken? Spiel it frituerfet net troch de wc

31 des 2019 - 13:08

Wetterskip Fryslân warskôget alle thúsbakkers dy't oaljekoeken meitsje om harren brûkte frituerfet nei ôfrin net troch de wc te spielen. Rioelen, gemalen en suveringsynstallaasjes kinne troch it fet ferstoppe reitsje.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

By in ferstopping binne fjouwer minsken, ien sûchwein en ien spuitwein twa dagen dwaande om it fet fuort te heljen. En dat kostet in soad jild. Wetterskip Fryslân advisearret dêrom om floeiber frituerfet werom te jitten yn de ferpakking. Dêrnei kinst it ynleverje by in supermerk. Dan wurdt it fet recycle en bygelyks brûkt foar griene enerzjy.

(advertinsje)
(advertinsje)