KNMI jout koade giel ôf foar mist mei âldjiersnacht

31 des 2019 - 12:58

It KNMI hat foar âldjiersnacht koade giel ôfjûn foar it hiele lân, fanwege tichte mist. Yn grutte parten fan it lân is it no al bot mistich. Neffens Piet Paulusma ha wy hjir yn Fryslân benammen letter yn de nacht kâns op damp waar.

Foto: Omrop Fryslân, Lydia Siderius

De ANWB warskôget minsken dy't der tiisdeitejûn en mei âldjiersnacht op útgeane, dat se der goed om tinke moatte. It sicht kin hiel min wêze en dat kin foar gefaarlike situaasjes soargje.

(advertinsje)
(advertinsje)