Brânwacht It Hearrenfean traktearret âlderein op oaljekoeken

31 des 2019 - 12:54

De frijwillige brânwacht fan It Hearrenfean hâldt op âldjiersdei in bysûndere aksje. In groep fan 10 frijwilligers rydt mei in bluswein lâns fiif fersoargingshûzen om dêr yn totaal 450 oaljekoeken út te dielen.

Foto: Brandweer Heerenveen

Op dizze wize wolle de brânwachtfrijwlligers de bewenners in moaie âldjiersdei besoarchje. It is foar it earst dat de brânwacht dit docht. De frijwilligers ha harren kreaze unifoarm oan en kinne - as dat moat - fuortendaliks yn aksje komme.

(advertinsje)
(advertinsje)