Sjinkie Knegt: "2019 wie net myn bêste jier, om it sa mar te sizzen"

In hiel jier sûnder wedstriden: it oerkaam shorttracker Sjinkie Knegt út Bantegea. Begjin jannewaris dit jier rekke Sjinkie swierferwûne doe't er de houtkachel thús mei thinner oanstekke soe. Hy rûn slimme brânwûnen op. Nei in lang revalidaasjetrajekt stiet de Bantegeaster yntusken wer op it iis. "Ik hie net ferwachte dat ik al wer sa fier wêze soe."
Sjinkie Knegt: "2019 wie net myn bêste jier, om it sa mar te sizzen"
"It giet goed en ik bin tefreden oer hoe't ik der op dit stuit foar stean", seit in optimistyske Sjinkie Knegt. "De trainingen gean goed en ik kin wer hielendal mei de ploech meitraine. Ik kin wer it folsleine trainingsprogramma draaie. Ik train noch mei spesjale klean: in saneamd drukpak'. Dat moat ik noch in dik healjier oan ha."

Stil sitte

As de Bantegeaster weromsjocht op 2019 is syn konklúzje helder. "Dit is net myn moaiste jier west", knypeaget er. "Ik ha gjin inkele wedstriid riden. Mar ik ha wol in hiel soad nei it reedriden sjoen en hoopje dêr wat fan op te stekken." Maklik wie al dat stilsitten foar Sjinkie net. "De earste pear moannen dat ik thús siet, koe ik hielendal neat. Dat wie op guon mominten hiel dreech."

Burd kwyt

De Bantegeaster hat boppedat wat leard fan de brân. "Ik hie dy thinner net brûke moatten. Dat is de konklúzje. Mar it is bard en wy moatte no besykje it bêste der fan te meitsjen. Ik ha der wol fan leard dat ik dat noait mear dwaan moat. Foar myn frou en de bern wie it ek net maklik. De bern mochten earst net by my komme yn it sikehûs. Pas nei twa trije wiken mochten se op besite komme. Doe wienen se bot fan slach, want ik wie myn burd en hier kwyt. Dus ik wie net mear de heit dy't se wend wienen. Mar binnen in pear minuten wie der neat mear oan de hân, hear."

Haaddoel

Sjinkie is mar wat grutsk op syn famylje. "Myn frou hat ferskriklik goed hannele op de dei sels, mar ek dêrnei. Se hat der hielendal mei red." Echt yn panyk hat er net west. "Ik ha nea tocht dat myn karriêre oer wêze soe. Fan dei ien ôf ha se yn it sikehûs sein: wy dogge der alles oan om dy wer op dyn topnivo te krijen. En dat is ek myn haaddoel."