Bestelbus op 'e kop yn 'e sleat by Steggerda

31 des 2019 - 11:27

De bestjoerder fan in bestelbus is tiisdeitemoarn mei de skrik frijkaam doe't er mei syn auto op 'e kop yn 'e sleat bedarre. Dat barde oan de Turfhoekwei yn Steggerda.

Foto: Anton Kappers

De bestjoerder rekke de kontrôle oer de bestelbus kwyt om't de dyk tige glêd wie. Dêrtroch ried de man rjochtút de sleat yn. Hy koe sels út de auto komme.

(advertinsje)
(advertinsje)