LIVE: De Fryske top 100 en de striid om de bêste oaljekoek

31 des 2019 - 11:04

De lêste dei fan it jier stiet wer yn it ramt fan de Fryske top 100. Ut 41.125 stimmen binne de hûndert populêrste nûmers op in rige setten, dy't tiisdei oant 18.00 oere te hearren binne op de radio en tv.

Oaljekoekwedstriid

Publyk is tiisdei wolkom yn de studio oan de Zuiderkruisweg 2 yn Ljouwert om harren selsbakte oaljekoeken teste te litten. Dy test wurdt dien troch in sjuery besteande út waarman Piet Paulusma, Heel Holland Bakt-dielnimmer Hidde Jonker en kok Reitse Spanninga.

Yn de útstjoering fan de Fryske top 100 sil dyn oaljekoek beoardiele wurde troch de sjuery. Elk sjuerylid jout in sifer, en it gemiddelde dêrfan wurdt dyn einresultaat. Dat hâlde wy de hiele dei by. Oan 'e ein fan de dei meitsje wy bekend wa't de lekkerste oaljekoek fan Fryslân bakt hat.

De oaljekoekwedstriid wurdt hâlden yn de studio fan de Fryske top 100 oan de Zuiderkruisweg 2 yn Ljouwert. Dielnimmers binne op tiisdei 31 desimber wolkom oant 17.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)