Maratontoppers op jacht nei titel: "It wurdt in hiele oare koers as normaal"

31 des 2019 - 09:00

Arjan Stroetinga giet woansdei foar syn achtste NK-titel op de maraton. Nijjiersdei wurdt de maraton op keunstiis ferriden yn Enschede. Stroetinga is rekôrhâlder wat NK-titels oanbelanget. Hy wûn ôfrûne jier en ôfrûne wykein wûn hy de Nederlânske titel op de massastart. Sadwaande is de 38-jierrige reedrider noch hieltyd ien fan de grutte favoriten.

Arjan Stroetinga

Ofrûne jier pakte Stroetinga de titel. Dochs is it mar de fraach oft hy foar eigen sukses gean kin. "We moatte sjen hoe't de wedstriid rint. Fansels gean we foar de titel as ploech, mar wa't him dan pakt, makket my net sa folle út", seit Stroetinga. "Fansels wol ik winne," seit er, "mar as Bob yn in winnende posysje komt, dan fyn ik dat ek prima. Oan Bob en Jorrit haw ik in soad titels te tankjen, dus as ik foar harren knechtsje moat, dan doch ik dat en as it in sprint wurdt, dan ryd ik de sprint."

Stroetinga fynt it NK altyd in aparte wedstriid: "In hiele soad jonges wachtsje hiel bot ôf en dan wurdt it in hiele oare koers as in normale wedstriid."

Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma sjocht der nei út om wer ris oan in maraton mei te dwaan. "Yn novimber haw ik myn lêste maraton riden en ik haw echt nocht yn it riden fan maratons." De ôfrûne perioade kaam Bergsma net oan it riden fan maratons ta. "Ferline moanne haw ik dochs in bytsje myn team yn de steek litten."

Bergsma hopet dat ien fan syn team de titel pakt. "It leafst win ik sels, elke titel dy't je pakke kinne, pak ik graach mei, mar it wichtichste is dat de ploech wint." Neffens Bergsma binne riders as Gary Hekman en Bart Hoolwerf de favoriten. "De mannen fan AB Vakwerk binne wol hearskjend dit jier, dat is dochs dé te klopjen ploech."

Bob en Bart de Vries

Ek de bruorren Bob en Bart de Vries dogge mei oan it NK, mar se sitte beide wol yn in oare ploech en moatte dus ek tsjin inoar stride. Neffens beiden falt it net te sizzen wa fan de twa bruorren de measte kâns makket. "We zijn allebei schaatsers die graag een ronde voorsprong pakken. Om de titelstrijd dan in de sprint te beslissen, zou het allermooiste zijn", seit Bart. Neffens Bob de Vries moat Arjan Stroetinga it dwaan yn syn team: "Stroetinga is altijd onze troef in de sprint. Hij laat altijd zien dat hij het nog niet verleerd is. We zullen volop voor hem werken voor de sprint, maar natuurlijk hoop ik ook op mijn eigen kans."

Gjin plan B

Bart de Vries hopet perfoarst net dat it op in sprint útdraait. "Wij zijn een ploeg met alleen maar aanvallers en daar moeten we het van hebben. Wij hebben geen plan B voor de sprint." Bob tinkt lykwols net dat in sprint útbliuwt: "Hoe graag we ook een aanval willen, sprinters hebben toch de grootste kans. Er wordt op het NK altijd weinig weggegeven en voor een aanval heb je toch een beetje ruimte nodig."

Bob sjocht in soad kânshawwers foar de titel: "AB Vakwerk is een hele sterke ploeg en ook Okay heeft twee favorieten. Wij hebben natuurlijk Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma en dan heb je ook nog een hele groep outsiders."

Marijke Groenewoud

By de froulju is Irene Schouten de grutte favoryt, "Mar ik tink dat ik ek wol leuk meidwaan kin", seit Marijke Groenewoud. Groenewoud sit by ZiuZ, in susterferiening fan Irene Schouten har Royal A-Ware, mar "As it derop oankomt, sprinte wy miskien wol tsjin inoar en as ik derfoar ryd, hoech ik ek net op de rem om har winne te litten." Njonken Schouten en harsels sjocht Groenewoud ek oare outsiders: "Manon Kamminga kin goed sprinte en der binne ek in pear goede ploegen dy't oanfalle kinne, team Turner is dêr ien fan en A6 kin dat ek."

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)