Kollum: "De Fryske Snobbers top 100"

31 des 2019 - 08:26

"De wachtrige foar it mediakafee hat him ûnderwylst oplost, dat ik bin ek teplak. Elkenien is hjoed fan herte wolkom om de útstjoering fan de Fryske top 100 live mei te meitsjen. It útstjoeren dêrfan op âldjiersdei is al krekt sa'n tradysje as it iten fan oaljebollen, it karbidsjitten en nachts om tolve oere de wiete lape by buorfrou deryn te hingjen. Of oarsom, fansels.

De top 100 is in feest fan werkennen. De memmen stean alle jierren noch by it stek, it Frysk hynder drafket mei de tonge út de bek troch de greide, Piter telt sûnt 1800 syn knoopkes en Nynke priizget it hiele spektakel troch Halleluja te sjongen. Foarich jier wie der oars wat opskuor om't der samar ynienen in nije nûmer ien boppe-oan de list stie. De broer fan Kabouter Plop, Oele, hie troch in publyksaksje de topposysje kaapt mei syn ûnferjitlik sjanson Ik wie smoar. Dat smiet nochal ferskillende reaksjes op. Earlik sein fûn ik it wol bêst, want eltse list dêr't gjin Marco Borsato, Coldplay, Boef of BLØF yn stiet fyn ik al in segen: Halleluja!

Foar de rest binne sokke listen dus foarsisber. Dat is sawol de krêft as de swakte. Om toch mear diversiteit te krijen sûnder it karakter fan in top 100 oan te taasten - en dan ha ik it net oer kleur of gender - soest om te begjinnen in kwota oan it tal nûmers per artyst stelle kinne. Trije nûmers per band, sjonger of sjongeres op syn heechst. Sadwaande krigest automatysk mear fariaasje, sûnder dat it wêzen fan in muzikaal oersjoch dêrmei ferlern giet.

Mei sa'n opskodde top 100 kin elkenien likegoed noch meisjonge, de polonêze rinne of inoar mei de triennen yn de eagen omearmje ûnder it earesalút fan in karbidkanon. Likegoed brocht it tinken oer muzyksaken en tradysjes my op it folgjende. Der bestiet sawat as in Snob 2000. In list mei saneamde 'ondergewaardeerde liedjes'. Hartstikke nijsgjirrige muzyk, soms ek fan bekende artysten, mar dan mei ûnbekende ferskes.

Hoe moai soe it wêze as wy, neist de Fryske top 100 op âldjiersdei, in Fryske Snobbers top 100 op nijjiersdei ha soene? In list mei Fryske artysten en bands, mar net beslist Frysktalich. Want bliksem minsken, dêr falt my in geweldige list mei gear te stallen. Ien dêr't sjenres as dance, metal, punk en reggae yn oan bod komme.

Tink bygelyks oan Mark Foggo & The Secret Meeting, oan The Pin-Baskets mei sjonger Eric Ennema. Us Eric, ja, want ûnder dat griis burd slacht noch altyd in dryst punkhertsje. Wat te tinken fan The Visitor, toch in bytsje de Fryske Cure, fan Kädävérbäk, Weekend at Waikiki, de band fan Tom Holkenborg, dy't letter as Junkie XL furoare makke.

Ferjit Brimstone Butterfly ek net, waarmbloedige reggae út griffemeard Dokkum, Luie Hond, LUL, Incursion Dementa en Monstertux. Bands en artysten fan no, lykas The Homesick, Esther de Jong, Baldrs Draumar, Kjeld en Tsjuster. En as net alles op Spotify te finen is, wurde gewoan kassettes en finyl brûkt. Super hip. Lit ús 2020 dêrom mei in goed foarnimmen begjinne: Op nei de Fryske Snobbers top 100!"

(advertinsje)
(advertinsje)