Kij fan Royal A-ware weromfûn yn Donkerbroek

31 des 2019 - 07:45

De keunststof kij dy't fuorthelle wienen by it suvelbedriuw Royal A-ware op It Hearrenfean binne wer boppe wetter. De plastic bisten stean yn Donkerbroek.

By de kij steane ferskate buorden mei teksten, wêrmei't dúdlik wurdt dat de âldjiersploech fan Donkerbroek de boeren mei dizze aksje stypje wol. Sa binne de folgjende trije teksten te lêzen: 'Wij steunen de boeren in Nederland, daarom zijn de koeien hier beland', 'Royal A-ware miste één week zijn koeien, deze staan in Donkerbroek te loeien' en 'Om de halvering van de veestapel te voorkomen, hebben wij de helft van deze koeien meegenomen'.

Gewoanwei wurdt stellen guod pas op nijjiersdei presintearre, mar yn Donkerbroek binne se in dei earder.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
(advertinsje)
(advertinsje)