Follyballer Gijs van Solkema yn OKT-seleksje

31 des 2019 - 07:19

Follyballer Gijs van Solkema hat him pleatst yn team dat yn aksje komt by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Berlyn. De 21-jierrige Snitser spilet sûnt maaie dit jier yn it Nederlânske team, mar mei geregeld op in basisplakje rekkenje yn de ploech dy't ûnder lieding stiet fan bûnscoach Roberto Piazza.

Foto: Orange Pictures

It Olympysk kwalifikaasjetoernoai wurdt fan 5 oant en mei 10 jannewaris hâlden yn Berlyn. Oranje striidt mei sân oare lannen om ien ticket foar de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio.

(advertinsje)
(advertinsje)