Grutte brân by Pax Bouw- en Industrieservice op It Hearrenfean

In grutte binnenbrân hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in soad skea oanrjochte by Pax Bouw- en Industrieservice op It Hearrenfean. Yn de grutte loads fan Pax op bedriuweterrein De Kavels rekke troch ûnbekende oarsaak in frachtauto yn brân en dat soarge foar in soad reek en waarmte yn it bedriuwskompleks.
Grutte brân by Pax Bouw- en Industrieservice op It Hearrenfean
De brân waard bestriden troch de brânwachtkorpsen fan It Hearrenfean, Tsjalbert, De Gordyk en Nijehoarne. By de brân rekke nimmen ferwûne. Op it momint fan de brânmelding, krekt nei tolven, lei it bedriuw stil.
Fanwege de tichte reek, de waarmte en it minne sicht wie it lestich foar de brânwacht om de brân te bestriden. Even nei twa oere nachts koe it sein brân master jûn wurde.
Boargemaster Van der Zwan oer de brân by PAX