Brommobyl yn Damwâld útbaarnd, nei alle gedachten oanstutsen

Oan de Ds. Germswei yn Damwâld is moandeitejûn in brommobyl folslein útbaarnd. Der binne fermoedens dat de wein mei opsetsin yn 'e brân stutsen is, om't der matrassen en stuollen op de auto lein wiene, sa't it makliker brâne soe.
© ProNews
De brânwacht fan Damwâld hat de oerbliuwsels fan de brommobyl dwêst. Dy stie midden op de krusing mei de Nije Hale. Der rekke net ien ferwûne.