Antoinette de Jong dochs noch op EK ôfstannen

Antoinette de Jong, dy't ôfrûne wykein trijehûndertste tekoart kaam foar in plakje op de EK en WK ôfstannen, giet dochs noch nei de EK ôfstannen. Dit hat bûnscoach Jan Coopmans fannejûn bekend makke. De Jong hat in oanwiisplak krigen en sil yn de ploegenefterfolging útkomme foar Nederlân.
Antoinette de Jong © Orange Pictures

Stroetinga op it EK

Arjan Stroetinga sil meidwaan oan it EK op de massastart. De oare nammen foar teamûnderdielen by de ISU EK ôfstannen wurde uterlik 6 jannewaris bekendmakke. Foar de ISU WK ôfstannen makket bûnscoach Jan Coopmans de teams uterlik 3 febrewaris bekend.