Farmers Defence Force wol yn aksje tsjin fersmoargjende bedriuwen

30 des 2019 - 20:52

Farmers Defence Force sil yn 2020 har yn elts gefal op fjouwer 'fronten' ynsetten gean. Op it provinsjale nivo wol it bestjoer ien lanlik belied ûntwikkelje litte, sa't der gjin 'provinsjale diskriminaasje' ûntstiet, sa falt te lêzen yn in brief fan de aksjegroep dy't moandeitejûn ferstjoerd waard. De striid sil nei alle gedachten fierd wurde mei trekkers en de - yn de eachen fan FDF - meast fersmoargjende bedriuwen sûnder fergunning binne it doelwit.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Op it lanlike mêd wolle de leden fan FDF harren ynsette foar it frijjaan fan de mjitgegevens dy't dien binne troch it RIVM. Oft dy gegevens wol frijjûn wurde, of net is noch net wis. Ofhinklik dêrfan sil Farmers Defence Force fierder yn petear gean mei it Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit.

Rjochtsûngelikensens

Op juridysk mêd wol Farmers Defence Force har ek hearre litte. Sy sizze dat se hanthaveningsfersiken yntsjinje wolle en bedriuwen dy't gjin Natuerbeskermingswet-fergunning hawwe, twinge tot it ferminderjen fan útstjit as de produksje stil te lizzen. Op hokker wize dat barre moat, stiet net yn de brief.

"We willen een mega-handhavingsverzoek indienen tegen vele bedrijven tegelijk. Dit omdat er rechtsongelijkheid is in Nederland. Al heb je maar een paar koeien, dan moet je een vergunning hebben. Industrie met een uitstoot tot 10 kiloton is daarentegen vrijgesteld!", sa falt der wol te lêzen.

'Smeer de trekkers maar vast door!'

Europeesk binne der noch net in soad plannen, de gearwurking mei Dútske boeren is in feit. Oan beide kanten fan de grins sille sy inoar stypjen bliuwe. Fierder ferwachtet it seiskoppige bestjoer fan Farmers Defence Force dat sy massaal nei Brussel moatte, foar de Green Deal fan Timmermans. "Dus smeer de trekker maar vast door!"

Fierder wolle se harren ynsette foar mear gearwurking, foar it maksimale resultaat foar harren sektor. Dêr stiet wol ien betingst tsjinoer, der moat mear jild komme foar it boerehiem. "We laten ons niks aanmeten of aanpakken! Dan trekken we liever de stekker er uit!", sa falt ek te lêzen yn de brief dy't stjoerd is yn ferskate FDF-groepen.

(advertinsje)
(advertinsje)