Op plantejacht yn Súdwest-Fryslân: sykje nei de winterbloeiers

Op seis ferskate plakken yn Súdwest-Fryslân is der moandei nei planten socht, foar de 'Floron Eindejaars Plantenjacht.' Dizze stichting docht ûndersyk nei wylde planten, mei dit ynventarisaasjeprojekt wurdt besocht út te finen hokker planten bloeie yn de winter, wêr dizze planten foarkomme, hoefolle it der binne en oft de oantallen ta- of ôfnimme. Dat dogge sy om't der minder bekend is oer planten yn de winter.
© Omrop Fryslân, René Koster
Yn Aldemardum lei Baukje Miedema as koördinator fan de lokale plantewurkgroep fan IVN Natuureducatie nochris út wat der dien wurdt: "Wy binne mei in aksje fan Floron dwaande om winterbloeiers yn byld te krijen. Wat wy dogge is rûchten del rinne om te sjen hokker blommen der op it stuit bloeie." Sa fynt sy mei Ria Brouwer in stikeltiksel yn it doarp.
Ferslachjouwer René Kosten mei Baukje Miedema en Ria Brouwer fan IVN Natuureducatie
"It wie der prachtich waar foar, it wie in moaie gearkomste. Der is in moai oersjoch makke fan hoe't it der foar stiet mei de bloeiende planten yn it súdwesten fan Fryslân," seit Ruud Oudega. "It doel fan de plantejacht is om te sjen hoe't it der by stiet as de planten op harren minst binne. Dan krijst miskien noch wol in better byld as dat der fierstente folle mei moai waar yn bloei steane."

Registraasje

De echte resultaten moatte doch bliken dwaan út it ûndersyk fan Floron. "Ik kin net sizze wat de trend is, dat is noch wat yngewikkeld. Wy wiene mei mear as 30 minsken op 'en paad en der binne goed 160 planten registrearre. Dat is sa'n 21 op elts plak. Dat is echt noch wol wat, want der bloeie fansels net in hiel soad yn de winter. It giet om sa'n 60 soarten," leit Oudega út.

Letbloeiers

Hy jout oan: "De top 10 bliuwt wol wat itselde, bygelyks de koweblomkes, hynsteblommen, blikgers, dôvenettel, hoarnblom. Der binne noch bloeiende planten, mar ek ál bloeiende planten lykas skroedsjes."
Ruud Oudega oer de útkomsten fan de ynventarisaasje
© Omrop Fryslân, René Koster