Lieuwe Westra 17e yn tiidrit

09 jul 2012 - 17:51

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is moandei op it 17e plak einige yn de njoggende etappe fan de Tour de France. Westra hie yn in yndividuele tiidrit 54 minuten en 9 tellen nedich foar de 41,5 kilometer tusken Arc-et-Senans en Besançon.

Winner waard giele truidrager Bradley Wiggins. Hy wie 2 minuten en 45 tellen flugger as Westra. Twadde waard Christopher Froome en tredde Fabian Cancellara. Lieuwe Westra wie mei syn 17e plak wol de bêste Nederlanner yn de tiidrit. Pieter Weening waard 93e op 6.29 en Bauke Mollema 120e op 7.07.

(advertinsje)
(advertinsje)