Lekker waarm nijjiersdûke yn de doarpshottub fan Aldemardum

30 des 2019 - 18:31

In dûk yn in hottub yn stee fan it kâlde bûtenwetter, op 1 jannewaris kin it yn Aldemardum. Doe't de klassike nijjiersdûk by De Hege Gerzen yn de Isemar net mear mocht, sochten se yn it doarp nei in alternatyf. Dat is in grutte hottub wurden mei sa'n 30 kúb wetter dy't op nijjiersdei brûkt wurde kin foar in dûk. Elts is op 1 jannewaris fan trije oere middeis ôf wolkom. It giet om in inisjatyf fan 'Oudemirdum bruist', in freoneploech en de pleatslike kroech.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It wetter is lekker op temperatuer troch de doarpskachel dy't mei in soarte fan waarmtewikselder soarget foar in wetterteperatuer fan sa'n 37 graden! Njonken it waarmwetterbad stiet ek in lyts bad mei iiskâld wetter, foar de leafhawwer. Om de sfear te ferheegjen sil in sniekanon op 1 jannewaris it doarpsplein omtsjoene yn in 'winterwonderland'.

Ferslachjouwer René Koster sjocht by de doarpshottub yn Aldemardum

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)