NK maratonriden is 'Wedstriid fan de Wike'

30 des 2019 - 18:09

It iene grutte reedrydtoernoai is noch mar krekt ôfrûn of it oare stiet alwer foar de doar. Woansdei, op nijjiersdei, is tradisjoneel it Nederlânsk kampioenskip maratonriden. Der dogge wer in soad Friezen mei, dy't kâns meitsje op de nasjonale titel. Dêrom is it NK maratonriden de 'Wedstriid fan de Wike'.

Lykas skânsspringe yn Garmisch-Partenkirchen en nijjiersstunts yn de provinsje heart it NK maratonriden by nijjiersdei. Ferline jier waard it organisearre yn Grins en no yn Enschede. "De eagen by de manlju sille rjochte wêze op Arjan Stroetinga, dy't al sân kear earder Nederlânsk kampioen waard. Snein liet er op de massastart fan it NK ôfstannen sjen dat er yn goeie foarm is", seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Irene Schouten is by de froulju dé topfavorite. Se rydt foar de ploech fan Jillert Anema."

Woansdeitemiddei om 16.00 oere sette de froulju útein, de manlju binne om 17.30 oan bar. In live-ferslach dêrfan is te hearren yn it radioprogramma 'In Fleanende Start'. In dei letter is der in gearfetting werom te sjen.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

Trefwurden: 
NK maratonriden Enschede
(advertinsje)
(advertinsje)