Aldste SKS-trofee nei Fries Scheepvaart Museum: sulveren skûtsje skonken

30 des 2019 - 17:46

It Fries Scheepvaart Museum hat in bysûndere oanwinst foar de kolleksje: it âldste sulveren skûtsje. Dizze eartiids kostbere wikselpriis wie eigendom fan de famylje Salverda yn Starum, sûnt Cor Salverda nei trije kear op in rige winst de definitive eigener waard yn 1948. It skûtsje waard yn 1946 makke foar de SKS-wedstriden. It skip is skonken troch de famylje.

Albert Salverda tekenet de oerienkomst foar it skûtsje - Foto: Freerk Bokma

Klaas van der Meulen wie de skipper op it skûtsje, dat eigendom wie fan syn sweager Cor Salverda. De widdo fan Cor, Nellie Salverda-Hornstra, hie oanjûn dat sy graach woe dat it skûtsje nei har dea nei it museum yn Snits gie, en sa is it ek gien. It sulveren skûtsje is yn 1946 makke yn Schoonhoven foar de skûtsjekommisje fan Snits.

75 jier SKS

It skûtsje moat wol opknapt wurde, om't der yn de rin fan de jierren toukes losrekke binne. Dêrnei krijt it in eareplak yn it museum yn de simmertentoanstelling oer it 75-jierrig jubileum fan de SKS.

Direkteur Meindert Seffinga oer it sulveren skûtsje

Bern fan Cor Salverda en Klaas van der Meulen - Foto: Freerk Bokma
(Advertinsje)
(Advertinsje)