Gemeente sjocht mooglikheid foar restwaarmtenet yn Boalsert

30 des 2019 - 17:14

De stêd Boalsert soe yn de takomst in restwaarmtenet krije kinne. Dat tinkt de gemeente Súdwest-Fryslân. Dy wol begjin takom jier in helberheidsstúdzje útfiere litte. Mei dit waarmtenet soene wenningen yn de stêd ferwaarme wurde kinne, as alternatyf foar ierdgas.

Foto: ANP

Oan de noardkant fan Boalsert binne fjouwer bedriuwen wêrfan't de gemeente wit dat se restwaarmte hawwe. It giet om Rentex Floron, Hochwald Foods Nederland, UCC Coffee Benelux en in rioelwettersuveringsynstallaasje. De gemeente hat yntusken al kontakt lein mei de bedriuwen.

De stúdzje moat dúdlik meitsje oft dizze bedriuwen foldwaande restwaarmte produsearje om in waarmtenet fiede te kinnen. Mooglik binne der noch mear bedriuwen dy't har dêrop oanslute kinne.

Wethâlder Erik Faber fan de gemeente Súdwest-Fryslân

Trefwurden: 
Boalsert enerzjy restwaarmte
(advertinsje)
(advertinsje)