Tom Klijnman ferkeapet sokken foar in Gryksk flechtelingekamp

30 des 2019 - 16:57

De 18-jierrige Tom Klijnman fan Drachten hat in ludike aksje betocht: sokken foar de minken yn in flechtelingekamp yn Athene. In idee dat spontaan ûntstie: "Ik was gewoon met school bezig eigenlijk, en toen bedacht ik dit zomaar. Je hoort vaak dat mensen het daar koud hebben, dus ik dacht: daar kan ik iets aan doen." Nei wat sykjen op it ynternet kaam Tom by in partijhannel skisokken, dy't hy foar in prikkie opkeapje koe.

Op Facebook hat Tom de aksje dield mei de fraach oft minsken ek donearje woene. Foar fjouwer euro kin eltsenien in pear sokken by Tom keapje. "De sokken worden natuurlijk opgestuurd, die krijgen ze niet," seit Tom. "Maar mensen kunnen wel meehelpen om deze mensen warme voeten te geven." Oer twa wiken gean de sokken mei in grutte seekontener fan stichting One Heart nei Grikelân. Dêr wurde de sokken útdielt op it flechtlingekamp.

Foto: OF

Yntusken hat Tom al 250 pear sokken ferkocht, mar it leafst krijt hy foar elts pear sokken in donaasje. "Ik stuur ze sowieso allemaal op, en met de winst die ik maak koop ik nog nog meer sokken," seit hy. Yn de takomst wol hy ek op syk nei oare spullen om te jaan, lykas moffen en mûtsen.

Foto: OF
(advertinsje)
(advertinsje)