Gearwurking Cambuur-It Fean?

09 jul 2012 - 17:26

SC Hearrenfean en SC Cambuur moatte wat de jeugdoplieding oanbelanget gearwurkje. Dat seit Jan de Jonge, haad oplieding by Hearrenfean. Ek Cambuur is posityf. De Ljouwerter klup tinkt lykwols net oan in gearwurkingsferbân tusken Hearrenfean en Cambuur, mar tinkt oan in oplieding foar hiel Fryslân.

Hearrenfean hat no in gearwurkingsferbân mei Emmen, wylst Cambuur gearwurket mei de jeugdoplieding fan FC Grins, mar de kontrakten rinne oer in jier ôf. Neffens De Jonge soe it folle better wêze om de krêften yn de eigen provinsje te bondeljen.

It giet noch om in earste gedachte. De plannen moatte folle better útwurke wurde.

(advertinsje)